Wurd stiper fan Sint Piter

Mei jo bydrage kin in rike tradysje yn Grou yn stân hâlden wurde.

Fierder lêze

  • An Image Slideshow
  • An Image Slideshow
  • An Image Slideshow
  • An Image Slideshow
  • An Image Slideshow
  • An Image Slideshow
  • An Image Slideshow
  • An Image Slideshow
  • An Image Slideshow
  • An Image Slideshow
  • An Image Slideshow
  • An Image Slideshow

Brief fan Sint Piter

 Spanje, febrewaris 2010

Oan alle jonges en famkes fan Grou,

Ik sit no yn myn wurkkeamer yn Spanje en sit al wer te fantasearjen hoe it is om aansens wer yn Grou oan te kommen mei de boat. Wy ha ûnderwilens ek heard dat jim aardich yn ‘e winter sitte mei ôfwikseljend teiwaar. Dus kin it noch spannend wurde hoe’t wy dit jier oankomme.

Swarte Pyt sjoch ik de lêste wiken hast net mear. Hy sit hieltyd by ús buorman yn de skuorre te griemen mar hy wol mar net sizze wêr’t hy mei dwaande is. Dêr docht hy tige geheimsinnich oer. Mar ik tink dat hy mei in âlde sportfleanmasine dwaande is. Justerjûn ha ik him der wol efkes op oansprutsen. Want ja, de tiid driuwt en ik wol fansels mei alle pakjes ôfsette nei Grou.

Wat noch slimmer is: de âlde belslide sit fol mei houtwjirmen en net in bytsje mar hielendal fol mei houtwjirmen! It is krekt of’t it snijd hat ûnder de belslide. Safolle houtstof leit derûnder.

Dus Swarte Pyt moat no earst in nije slide bouwe, foar it gefal dat it no echt winter wurdt. Allinnich as ik Swarte Pyt dêrop oansprek, dan sjocht hy my mei syn grutte hûne-eagen oan. Dan begjint hy te glimkjen en seit dat alles goed komt, sels noch better dan goed. En dan fleant hy wer gnizend de doar út. Dat it sil my benije hoe’t it dit jier wer komt.

Mar wy komme hoe dan ek, dêr hoege jimme net oer yn te sitten. Want 13 febrewaris om healwei alven steane wy op ‘e Kade. En dan meitsje wy der wer in prachtige Sint Piter-tiid fan. Of net dan, leave berntsjes.

Groetnis fan Sint Piter en Swarte Pyt

Brief van Sint Piter

Spanje, februari 2010

Aan alle jongens en meisjes van Grou,

Ik zit nu in mijn werkkamer in Spanje en zit alweer te fantaseren hoe het is om straks weer in Grou aan te komen met de boot. Wij hebben intussen ook gehoord dat jullie aardig in de winter zitten met afwisselend ook weer dooi. Dus het kan nog spannend worden hoe wij dit jaar aankomen.

Swarte Pyt zie ik de laatste weken haast niet meer. Hij zit steeds bij de buurman in de schuur te prutsen maar hij wil niet zeggen waar hij mee bezig is. Daar doet hij heel geheimzinnig over. Maar ik denk dat hij met een oud sportvliegtuigje bezig is. Gisteravond heb ik hem er wel even op aangesproken. Want ja, de tijd dringt en ik wil natuurlijk met alle pakjes naar Grou vertrekken. Wat nog erger is: de oude arrenslee zit vol houtworm en niet een beetje maar helemaal vol met houtwormen! Het lijkt net of het heeft gesneeuwd onder de arrenslee. Zoveel houtstof ligt eronder.

Dus Swarte Pyt moet nu eerst een nieuwe slee bouwen, voor het geval het echt winter wordt. Alleen als ik Swarte Pyt daarop aanspreek, dan kijkt hij mij met zijn grote hondenogen aan. Dan begint hij te glimlachen en zegt dat alles goed komt, zelfs nog beter dan goed. En dan vliegt hij weer lachend de deur uit. Dus ik ben erg benieuwd hoe het dit jaar weer komt.

Maar wij komen hoe dan ook, daar hoeven jullie niet over in te zitten. Want 13 februari om half elf staan we op de Kade. En dan maken we er weer een prachtige Sint Pitertijd van. Of niet soms, lieve kindertjes.

Groeten van Sint Piter en Swarte Pyt