Swarte Pyt nûmerboerden kwyt
nov.2010 - No is it wol wat, mar doe’t ik juster de porche wer út de garaazje helje woe, seach ik dat de nûmerboerden fuort wiene. Ik haw de hiele garaazje oer de wrâld hân, mar ik haw it net fine kinnen. No bin ik bang dat se earne yn Grou lizzen bleaun binne yn 'e winter. Ik soe de bêrntsjes dan ek freegje wolle om yn Grou goed op te letten sadat se it nûmerboerd miskien fine en dat wy dizze dan wer brûke kinne, oars moatte we wer nije meitsje litte en dat kostet in soad jild.
Wa’t se fynt, kin se dan wol meinimme nei skoalle sadat de juf of master de nûmerboerden nei ús yn Spanje stjoere kin. Ik soe it dan wol hiel aardich fine dat der dan ek in pear kleurplaten as tekeningen meistjoert wurde.
Dankewol alfêst foar it útsjen nei de nûmerboerden leave bêrntsjes, oant febrewaris.





























